Geweldich resultaat fan Gjalt, Jelle en Ignas

Wat ús suskes en doarpgenoatsjes kinne, dat kinne wy fansels ek! Want sukses wurket oansteklik en sa as de âlde Romeinske filosoof Seneca al 2000 jier ferline sei: “Een goed voorbeeld doet goed volgen”. Gjalt, Jelle en Ignas ha snein foar in geweldich resultaat soarge op de ôfdielingspartij foar welpen jonges yn Jirnsum.

It is al in minskelibben ferlyn dat in jonges partoer fan Jacob Klaver in priiske wûn hat op in KNKB wedstriid. De lesten dy’t dat presteard ha, wienen Skelte Anema, Bouwe de Bruin en Bonne van der Wal. Mar as sij ea in priis wûn ha yn de allerjongste leeftiidsgroep weachje ik te betwiveljen. Hoe dan ek, it is hartstikke moai foar ús feriening dat der no njonken de famkes ek wer in sterk jongespartoer oankomt dat mei dwaan kin yn de striid om de prizen. Se sille fansels net alle wedstriden in priis winne, mar as je fan de 28 partoeren yn de finale komme dan ha je al sjen litten dat je by de bêste partoeren fan Fryslân hearre. It wie trouwens in knikkert op ‘e kant of se hienen yn de earste omloop al ferlern. Want it waard tsjin it sterke partoer fan Wytmarsum 5-5 en 6-6. Op dy stân sloech Gjalt in sitbal en wienen se in omloop fierder. Soks jout fansels enerzjy foar de twadde partij en dy wûnen se frij maklik fan Easterein mei 5-1 en 6-4. Dêrmei stienen se al op de tredde list. Doe moasten se tsjin it sterke partoer fan Baard mei Durk Hoogma, Klaas-Gerrit Meulenaar en Geert Reitsma. Dit waard in spannende partij wêrby de buordsjes om en om ferkeatst waarden. Nei trije earsten gelyk naam Mantgum in foarsprong en makken se de partij út op 5-3 en 6-6. Foar in plak yn de finale moasten se keatse tsjin Anjum en dat waard úteinlik 5-3 en 6-2 en doe stienen se yn de finale. Se moasten tsjin in hiel sterk keatsend Menaam en dat wie no noch krekt in stapke te dreech. Se koenen it net op rêde tsjin de sterke útslach fan Menaam en ferlearen mei 5-1 en 6-4. De krâns gie dêrom oan har foarby mar de twadde priis wie in moaie opstekker. Soks moat “de boys” fansels it fertrouwen jaan dat se der no hielendal by hearre. Ignas, Jelle en Gjalt wy binne like grutsk op jim as op Bregt, Amarins en Jennie. Wy hoopje noch faak oer jim keatsprestaasjes te skriuwen. En wat soe it moai wêze as dizze resultaten oare jeugdleden stimulearje om ek sa goed te wurden dat se op KNKB nivo meidwaan kinne.

Geplaatst op 19 July 2011